Gooo Diva's

Wy binne Else, Fenna, Hinke, Marjan, Tsjitske en Wiesje en wy tegearre foarmje de rûnte de Diva's binnen FFJ Bernlef te Grins

dinsdag, november 22, 2005

fotoshoot

Juster foun ús earste fotosesje plak. De lokaasje en it tiidstip wiene goed geheim bleaun, want we hiene gjin lest fan groupies of oare stoardende eleminten. Foardat de tamtammers it danksy Oege yn 'e gaten hienen, wiene wy al lang klear! Wy ha ferskrikklyk folle lol haan, mei sjerpen, boa's en oare spannende attributen... It resultaat sil foar in part op dizze side ferskine en yn it snuteboek terjocht komme, noch efkes wachtsje dus!
Oanslútend waard der drok oefene foar de pleebeksjow. wa sjongt wat, wat dunsje we en foaral wa stiet wer! En litte wy de stickers net fergjitte....

Moarn (woansdei) sille Hinke en Mad te swemmen yn Kardinge. Om 13.30 sammelje by Hinke. Wa giet der mear mei? It wurdt ien grut spartelplesier!

Tongersdei spielet FF Beppe, no yn in saal mei tribune! Dat freget om aksje, hokker diva's binne derby?

2 Rabberijen:

  • At 4:47 p.m., Anonymous Anoniem said…

    De fotosesje wie idd hiel erg leuk. Ik kin tongersdei FF Beppe helaas net supporterje. Ik moat nammelijk mei de APK de plebeksjoo regelje. En mei tribune? Dan moatte jim wol echt efkes cheerleade!!

     
  • At 1:48 p.m., Anonymous Anoniem said…

    hoihoi. Ik kin der tongersdei ek net bei weze mei it supporterje. Ik fyn it spittig, mar ik ha freed in tentamen en der moat ik foar lere. Dusss, helaas...

     

Een reactie posten

<< Home