Gooo Diva's

Wy binne Else, Fenna, Hinke, Marjan, Tsjitske en Wiesje en wy tegearre foarmje de rûnte de Diva's binnen FFJ Bernlef te Grins

woensdag, november 23, 2005

HG Novimber

Joehoee!!!! De HG fan novimber hat west en wy binne no offisjeel in runte fan Bernlef. Runte GoDivas bestjit en sil sich profileare as de leukste en moaiste runte fan Bernlef. Fenna hat tydens de HG in moai ferhaaltsje fertelt oer Lady Godiva en werom wy no de Diva's weze wolle. Andries hat er in it ferslag fan de HG fan makke dat neakte froulju derfoar sourchje kinne dat de belesting omleeg giet. No ja, der komt it wol op del. Mar goed, fierders fun it bestjoer it mar wat ynteressant. Sjoch mar nei dizze aksje foto... wat in utstraling ha die manlju! (spittig dat Elp er krekt net op stiet) Dit is no us bestjoer, mear mansk.... (dizze foto verklaart trouwens ek werom Andries der yn it HG ferslag net safolle mear fan maeitsje koe...)

Oer us aktiviteiten!

Foarst sille wy tongersdei supporterje by de wedstriid fan FF Beppe! Der binne al in pear Diva supporters dy't der hinne sille! Spittig genoch kin net eltse Diva oanwezich weze. Go Beppe Go Beppe! En wa wit noch in leuke yel?

En tongersdei te jun sil de playbekshow plak ha. Fansels doche de diva's der ek oan mei! Wy kinne noch gjin ynformaasje foart jaan oer us ferske en oer us show. Mar kom gewoan tongersdei nei de soas en dan kinst alles sels mei meaitsje!

Derneist binne we op it stuit ek drok dwaande mei it untwerpen fan in logo. En dat giet ek goed. Wy ha nou in pear untwerp logo's wer't wy twa of trije ut kieze, dy't ferfolgens kreas utwurkt wurre troch Else har heit. En dan kinne wy ut dizze 'definitieve logo's' in kar maeitsje!

En sa as ek yn it stikje hjir under te lesen is, binne wy no ek op 'e foto west! Dat wie in grut succes. Alle foto's binne leuk, it wurd noch swier om in kar te maeitsjen.

En as letste aktiviteit wolle wy noch graag it Goooo Diving neame. Dat is noch net in offisjele aktiviteit fan de Diva's, mar sa stadich oan binne der altiid in swikje Diva's dy't it noflik fyne om sa no en dan op Aclo oeren it Kardinge swimbad yn te duken. Dus sjoch op 'e site fan de Aclo foar de oeren. Meastal lizze de Diva's op tiisdeis yn it bubbelbad...

Oant tongersdei by it sealfoutbal of by de playbekshow!!!
Gooooooooo Diva's

4 Rabberijen:

  • At 3:38 p.m., Anonymous Anoniem said…

    Fannejûn pleebeksjoo: wy meitsje der in moaie show fan diva's! Der sil ek in fotograaf fan de Ljouwerter krante wêze leau ik...in moaie manier om de diva's ek bûten Grins te profileren!

    tút Fenna

     
  • At 5:06 p.m., Anonymous Anoniem said…

    der sille we seker ús best wol foar dwaan!

     
  • At 2:07 p.m., Anonymous Anoniem said…

    sjit, at ik sa de foto's sjoch op de site fan bernlef dan ha ik it leukste diel fan de jun mist tongersdei... kut. In protte foto's fan Fenna dy't sjongt. haha. Wa skriuwt in stikje oer de playbekshow? Do toch marjan? Of bist dyn roes noch oant utsliepe?

    xxxx
    else

     
  • At 2:08 p.m., Anonymous Anoniem said…

    oh, en at dr in nei stikje oer de playbekshow op stiet. Dan ek efkes us blogsite op e tamtam sette ast wolst.

    xx
    else

     

Een reactie posten

<< Home