Gooo Diva's

Wy binne Else, Fenna, Hinke, Marjan, Tsjitske en Wiesje en wy tegearre foarmje de rûnte de Diva's binnen FFJ Bernlef te Grins

zondag, december 25, 2005

Ald&Nij feest!


Glitter & Glamour

19.30 Diner ã la Venetia: soupo, mucho pastas et lasanga, mei brij nei

21.30 Maskeard dúnsjen: ferkiesing ta kening en keningin fan de dûns

00.00 Fjoerwurk !!!


Hiele nacht : grut feest mei sjampagne, goede of minne foarnimmens, oaljekoeken en in soad wille!

Kosten iten : 5 euro
Opjaan kin op de side as op de list op de Pizel
Kosten dûns : 300+ kalorieën
Opjaan hoecht net, meidwaan kin altyd!

Logo

Lady's! Dizze dan mar foar it logo!

donderdag, december 15, 2005

Het heerlijk avondje is gekomen

Leafe Famkes,

Hjir in berjocht fan jim grutste fan: Sinterklaas,
Ik freage my of, hoe lang moat ik hjir noch wachtsje,
Swarte Piet hat it fan mei oernom, en is hjir no de baas,
Want ik bin depressief, omdat ik no sa lang al nei jim smachtsje,

Dus wat wurd it no myn leafe diva's,
Dit jier noch, nei Kriist? dit is dochs wat te gek?
Swarte Piet hat ek syn nocht en wol werom nei syn Spaanse senoritás,
Dus tink der mar om, oars nim ik jim gewoan mei in myn grutte sek!

Ik bin noch wol gek op jim hjer, maeitsje jim mar net drok,
In Sinterklaas jun sit der noch wol yn,
Al krije jim neat mear yn jim skoun, lit stean iets foar yn de sok,
Dus kom mar my in datum, dan lit ik wol heare wat ik der fan fyn!

leafs, dikke tut
Sinterklaas

dinsdag, december 06, 2005

Âld & Nij

zaterdag, december 03, 2005

it ferske fan de Diva's

Hej, wat fyne jim hjir fan? Us Diva-song, op 'e melodie van Famkes fan Piter Wilkens. En oan de tekst is allinich 'famkes' feroare yn 'diva's'.

Diva's

Se hawwe moaie foarmen, nijsgjirrich en rûn
se drage moaie klean en rûke altyd sûn
se bewege sierlik, litte dyn hormoanen rinne
de sjarme is it wapen en stjoert dy oeral hinne

Wat is it moaiste fan de hiele wrâld
wat is it dat dy geande hâldt
wat set dy foar peal en wêrfoar giest troch it fjoer
wat makket dy mâl, wat makket dy poer

Diva's

Ljocht hier of swart, in punk of in tut(te)
slûk hier of krullen of in hynstesturt
wat makket it út, wat docht it der ta
ik bin bliid dat dizze wrâld sa'n protte famkes hat

It lykje hiele keardels, mar se stelle neat foar
se binne fereale, se binne smoar
se hawwe neat te sizzen, jim ha se yn 'e macht
dus sis my famkes, wat is it swakke geslacht?

Us mem is in famke, myn suster is in famke
ús beppe is in famke, ús beppe's beppe ek
de keningin is in famke, ...... is in famke
ús kat is in famke, myn fanke is in famke

brûkte akkoarden: A - D - G - C
wurden en wize: Piter Wilkens