Gooo Diva's

Wy binne Else, Fenna, Hinke, Marjan, Tsjitske en Wiesje en wy tegearre foarmje de rûnte de Diva's binnen FFJ Bernlef te Grins

woensdag, november 30, 2005

pleebeksjo


Us earste optreden is een feit! As echte diva's pleebekten wy fansels 'Lady Marmelaaaddeeee'. De dúnspaskes wienen goed instudearre en dat slagge ek goed. Nei ús optreden leinen der wol wat protte fearen op it poadium....
Ek de rest fan de jûn wie absoluut slagge, wat in moai feest! No op nei it Midwinterfeest, mar famkes, fergjit de foarôfgeande saune net.....

zaterdag, november 26, 2005

Foto

Dizze foto is op sich wol leuk foar by it profiel toch? At der ien is dy't dizze foto net as foto by it profiel hjir op de blogsite ha wol, dan meist m der of helje. De reden dat de foto hjir under ek upload is, is dasto in foto by it profiel mei in url neame mast. Snappie? Dus yn it profiel wurd no ferwezen nei de url fan dizze foto hjir under. Dat dochst troch op e rjochter musknoppe te klikke en dan op eigenschappen te klikke. Dan krigest de url te sjen fan in foto. (sa wurket it ek op e tamtam trouwens). Jaja, froulju binne wol technisch... soms.

woensdag, november 23, 2005

HG Novimber

Joehoee!!!! De HG fan novimber hat west en wy binne no offisjeel in runte fan Bernlef. Runte GoDivas bestjit en sil sich profileare as de leukste en moaiste runte fan Bernlef. Fenna hat tydens de HG in moai ferhaaltsje fertelt oer Lady Godiva en werom wy no de Diva's weze wolle. Andries hat er in it ferslag fan de HG fan makke dat neakte froulju derfoar sourchje kinne dat de belesting omleeg giet. No ja, der komt it wol op del. Mar goed, fierders fun it bestjoer it mar wat ynteressant. Sjoch mar nei dizze aksje foto... wat in utstraling ha die manlju! (spittig dat Elp er krekt net op stiet) Dit is no us bestjoer, mear mansk.... (dizze foto verklaart trouwens ek werom Andries der yn it HG ferslag net safolle mear fan maeitsje koe...)

Oer us aktiviteiten!

Foarst sille wy tongersdei supporterje by de wedstriid fan FF Beppe! Der binne al in pear Diva supporters dy't der hinne sille! Spittig genoch kin net eltse Diva oanwezich weze. Go Beppe Go Beppe! En wa wit noch in leuke yel?

En tongersdei te jun sil de playbekshow plak ha. Fansels doche de diva's der ek oan mei! Wy kinne noch gjin ynformaasje foart jaan oer us ferske en oer us show. Mar kom gewoan tongersdei nei de soas en dan kinst alles sels mei meaitsje!

Derneist binne we op it stuit ek drok dwaande mei it untwerpen fan in logo. En dat giet ek goed. Wy ha nou in pear untwerp logo's wer't wy twa of trije ut kieze, dy't ferfolgens kreas utwurkt wurre troch Else har heit. En dan kinne wy ut dizze 'definitieve logo's' in kar maeitsje!

En sa as ek yn it stikje hjir under te lesen is, binne wy no ek op 'e foto west! Dat wie in grut succes. Alle foto's binne leuk, it wurd noch swier om in kar te maeitsjen.

En as letste aktiviteit wolle wy noch graag it Goooo Diving neame. Dat is noch net in offisjele aktiviteit fan de Diva's, mar sa stadich oan binne der altiid in swikje Diva's dy't it noflik fyne om sa no en dan op Aclo oeren it Kardinge swimbad yn te duken. Dus sjoch op 'e site fan de Aclo foar de oeren. Meastal lizze de Diva's op tiisdeis yn it bubbelbad...

Oant tongersdei by it sealfoutbal of by de playbekshow!!!
Gooooooooo Diva's

dinsdag, november 22, 2005

fotoshoot

Juster foun ús earste fotosesje plak. De lokaasje en it tiidstip wiene goed geheim bleaun, want we hiene gjin lest fan groupies of oare stoardende eleminten. Foardat de tamtammers it danksy Oege yn 'e gaten hienen, wiene wy al lang klear! Wy ha ferskrikklyk folle lol haan, mei sjerpen, boa's en oare spannende attributen... It resultaat sil foar in part op dizze side ferskine en yn it snuteboek terjocht komme, noch efkes wachtsje dus!
Oanslútend waard der drok oefene foar de pleebeksjow. wa sjongt wat, wat dunsje we en foaral wa stiet wer! En litte wy de stickers net fergjitte....

Moarn (woansdei) sille Hinke en Mad te swemmen yn Kardinge. Om 13.30 sammelje by Hinke. Wa giet der mear mei? It wurdt ien grut spartelplesier!

Tongersdei spielet FF Beppe, no yn in saal mei tribune! Dat freget om aksje, hokker diva's binne derby?

woensdag, november 16, 2005

Cartoon


Wer kinne we dizze foar brukke? Op sich kin de cartoon ek oanpast wurde hjer. 'University women club' moat fansels 'bernlef diva runte' wurde, of saiets. En de sjerpen moate ek Frysk.

maandag, november 14, 2005

Diva logo

Der sil dizze wike noch in logo untworpen wurde troch Else har heit. Sadra hy hjir mei klear is, kinne wy us kar meaitsje ut meardere ontwerplogo's. Marjan hie it idee om in logo te meaitsje fan de formen fan in frou. Dit moat stilistisch dwaan wurde. Dus mei in pear lijnen moat it dudelik weze dat it logo 'n frou foarstelt. At jimme noch oare of oanfullende ideeen hawwe, dan moate jim dat sa snel mogelik sizze, sadat Else har heit der noch mei oant wurk kin. Alle ideeen binne fanselfs wolkom. Set se mar under rabberijen.


En it soe trouwens ek leuk weze om in Diva-lied te betinke!

zondag, november 13, 2005

FF Beppe

Tongersdei wie it reuse gesellich tiidens it supporterjen by FF Beppe troch Wiesje, Hinke en Marjan. De earste wedstriid waard 4-4 gelyk spiele. Tiidens de twadde wedstriid wiene wy as supporters ek better op dreef en eindigde it spul yn in 4-1 oerwinning foar FF Beppe, en dat noch wol tsjin de koploper fan de kompetisje. Grutte held wie Jelmer, mei twa goals.
De tredde helte wie ek smûk, yn de kantine fan de ACLO kinst best sitte. Der waard beslùten dat it jûnsiten wol bei Jelmer plak koe fine. De nasi smakke goed en al rap wie it tiid foar in leuke HG, dy't foar de feroaring ek echt leuk wie!
Folgende kear sil der fest wol wer supportere wurde, miskien ek troch oare diva's, en wa wit bart er dit kear wol wat spektakulairs! Mei tribune!

woensdag, november 09, 2005

fuotbal

Moarn sil de earste aksje fan de diva's plakfine : supporterje by FC Beppe!
Om 14.30 begjint de wedstriid, bij de ACLO. Hinke hat foar geweldiche accesoires soarge!
oant moarn!

maandag, november 07, 2005

grapke

wat brûkt in olifant as tampon?


Sjoch foar it antwurd by rabberijen!

zaterdag, november 05, 2005

De Diva's

Rûnte De Diva's bestjit ut de folgende dames:

Else de Groot
Fenna Beeksma
Hinke van der Burg
Marjan Dijkstra
Tsjitske Toering
Wiesje de Boer

Dizze froulju binne allegeare lid by FFJ Bernlef, de Fryske studintenferiening yn Grins. En wy ha dizze rûnte oprjocht omdat wy as froulju us under oare distantieren wolle fan de soms wat groffe manlju by Bernlef. Wy binne de echte Diva's. Manlju kinne derom ek gjin lid wurde fan us rûnte. Foar de geskiednis fan us grutte foarbeeld Lady Godiva: sjoch de link.

Wy binne ek fan plan in pear aktiviteiten te organisearje. Hjir moate wy noch oer brainstormen, mar op it stuit tinke wy der oer om under oare in feest te organiseare.

Op e HG fan 10 novimber sille wy us rûnte offisjeel meaitsje.

Groetnis,
Goooooooo Diva's!

Ps: mear ynformaasje oer us, oer De Diva's en oer Lady Godiva folgt noch