Gooo Diva's

Wy binne Else, Fenna, Hinke, Marjan, Tsjitske en Wiesje en wy tegearre foarmje de rûnte de Diva's binnen FFJ Bernlef te Grins

zaterdag, januari 28, 2006

Wat foar man bisto?

En wat wy as diva's graach witte wolle: wer bisto? Wer binne de ideale mannen te fynen? Binne se der uberhaupt wol? No net te negatief wurde famkes, der binne der genoch fansels. Net ien, net twa, nee wol folle mear. Mar wat it nadiel is, je witte it net fan te foaren welke man echt de beste, stoerste, lekkerste, meast knappe man is. Yn us geweldiche nije snuteboek stiet in grut oanbied fan mannen en it is foar sommige diva's mar moeilik om harren kar te maeitsjen. So girls, just put them to the test! En zo geschiede het dat er een mannentest ontwikkeld werd. En sa is it mar krekt. Leave manlju, der komt in test. En die is net allinich foar us om te witten te kommen wat jimme foar mannen binne. Mar dizze test is seker en noch folle mear ek foar jim sels, sa dat jim ek witte wat foar echte mannen jim sels binne.

Sinterklaas is noch steeds yn us lan

Ja ja, froulju. Hy is der noch!!! ús leave sinterklaas is hjir noch! Mar net foar lang, want swarte piet hat no san geweldiche heimwee, dat hy it al in pear kear probearje hat om sinterklaas werom te nimme nei spanje ta (sjoch hjirunder). Want ja, dizze loyale neger giet net sunder syn baas wer werom nei spanje. Gelokkig is de motor undertusken wer werom brocht nei de rjochtmatige eigenaar. Dus famkes, doch piet en de maatschappij in plesier en plan sa gau mogelik in date mei sinterklaas!!!

woensdag, januari 25, 2006

Logo

Dames, ik ha it logo no wat better makke. De letters binne grutter, mar se kinne krekt net lyke grut as de 's', want dan komme se boppe it famke út en dat liket fremd.

maandag, januari 23, 2006

hellooooo ladies!!!


We moatte mar ris nei de merke foar in moai gestipt stofke tocht ik sa....

zaterdag, januari 21, 2006

Goooo Diving



Wa giet der mei swimme??? Moandei nei Kardinge, om in oere of healve trije. En om 16.45 reedriden by TJAS!!

dinsdag, januari 10, 2006

TIID FOAR ÛNTSPANNING!

Dér sitte je dan, oeren en oeren te studearjen, mei sa no en dan Ernstige lêst fan Stúdzje ûntwikend hâlden en dragen (yn ús moaie súdwest-hoekje nimme we dat sljochtwei 'gedrag'). Guon ûnder ús sille miskien tinke.. wér sláát dat SÛH&D no wer op?? Mar, ik fertoan dochs echt 'n soad fan dizze saneamde symptomen: Studieontwijkend Gedrag
dus no fien ik it heech tiid om mar wer es efkes goed te ÛNTSPANNEN!
Binne der mear froulju (en miskien wat (kreaze) manlju) ûnder ús die dat ek wol noadich fiene?!
Neeee, no tink ik dus nét oan 't op in sûpen sette yn'e kroech, dér wurde je harsens ek net better fan en de oare deis kinne je lêst ha fan in beste kater, wat de stúdzje allinne mar mear fertraget

Nee, ik tink oan eat djipsinnichers.. eat wat te meitsjen hat mei de lear fan de sierlikens, oftewol de 'esthetika'! Ik ha noch in muntsje.. we gean mei ús esthetyske reet yn it bubbelbad sitten! Dan kin eltsenien de holle goed leechje en sich fierders wer sa geunstich mooglik op 'e studzje konsintrearje!

Freedtemoarn om 10oere liket my wol in moaie tiid ta om dus wer es efkes ien fan ús moaie aktiviteiten út te fieren..: Gooo Diving!!
Foar de sûpers op tongersdeitejûns: it kin ek in goede remeedzje foar de kater wèze, at jimme net sa'n moaie esthetyske reet as ús ha, kinne jim altyd mei ûnder it mom fan 'katerswimmen'.


Foar de measten oant jûn (hmm.. dochs wer de kroech yn hin)! En betink mar efkes at jimme mei wolle mei dit heuchlike aktiviteitsje.

zondag, januari 08, 2006

It nije jier

It âld en nij feest wie wat de diva's betreft in grut succes! Al mei al hat it mar leafst trije dagen duorre foar ús, mar wat wie it gesellich. Bytsje fersiere, thee drinke, wer wat fersiere, wat winkelje, noch mar in bakje thee, sa komme je de tiid wol troch no! En net te fergjitten de kilometers dy't der ron binnne om alles nei de Pizel ta te fersameljen. Hjirby wol ik dan ek graach de oare Bernleffers bedanke dy't die dagen ha bydroegen oan de gesellichheid en it keuren fan de fersiering.
31 Desember, 19.30, wie it safier : de gasten kaamen oan. Wat wiene se allegear netsjes yn de klean, en sels gemaskerd! Dit paste prima by de skaars mei kears-yn-wynfles ferljochte soas, it behang oan de wanden en de overweldigjende netferljochting. De tafels wiene netsjes dekt, en al gau koe eltsenien oanskowe. It diner bestoun út lasagne en spaghetti bolognese mei iis en sterretjes nei. It smakke eltsenien poerbest, te sjen nei de boarden dy't folskept waarden.
Nei it diner wie it tiid foar wat úntspanning yn de foarm fan Youp fan it Hek. Ik wit dat hy by guont earder spanningseczeem jout, mar dizze konferanse wie best oan te hearren. It wie dan ek al rap 00.00 en de (djoere ohoh!!) sjampanje waard broezjend rûn brocht.
Eindelyk tiid om te fikjen! Ik ha my wer ris âlderwetsk poerbest fermakke mei fjoerwurkboartsjen, geweldich! It allermoaiste wie noch wol it carbidsjitten, wat in kick!
Nei dizze spannende aktiviteiten wurde it noch aardich drok yn ús kroech. In hiel soad misnken wiene drok oan it dûnsjen. De sfeer wie best en it wie drok oan de taap. Self ha ik ek noch in poging dien om te taapjen, mar dit slagge net sa best. Foarnamelik troch de reeds konsumearre alkoholiske fersnaperingen, mar ek wol omdat ik noch nea taape ha. Gelokkich kaam it toch wer goed, hin Fenna!
Oan it ein fan de jûn, better: net mear sa hiel betiid yn de moarn, doe't de fellen behang súterich fan de muorren kaamen en ik self der ek wat súterich út sech, bin ik op de fyts stapt en lekker koesen gong oant 15.00. It wie tige slagge, gooooooo diva's!!!

Dieselde jûn, de jûn werop ik my brakker fielde as nea earder, wienen hast alle diva's wer by inoar. Fan alles en noch wat oan iten waard by elkoar gooit en selfs myn brakke maag, dy't earder noch sa oerstjoer wie, smulde der lekker fan. Tiidens it toetje (monchoutaart, altiid handich om in krisistiid yn hûs te ha) waard de ôfrûne jûn noch ris nader analysearre. Doe begreep ik ek werom ik sa allemachtich net-intelligent en onsjoch op de foto stie, echt ernstich! Fan bier wurde je doch wol dommer, folgjende kear mar wer oan de wyte wyn, ha ha! : s

It leukste is noch wol, dat dit noch ris in kear sa kin : in maart hâlde wy in divafeest, mei band! Op it stuit wurd der drok neitocht oer in blits thema (ikke doch dat ieg wol). Letter mear hjiroer, al kin ik fest meidiele dat wy der no al nei útsjoche! (En nei de speurtocht fan it febrewariskamp fansels, tsjoch!)