Gooo Diva's

Wy binne Else, Fenna, Hinke, Marjan, Tsjitske en Wiesje en wy tegearre foarmje de rûnte de Diva's binnen FFJ Bernlef te Grins

dinsdag, januari 10, 2006

TIID FOAR ÛNTSPANNING!

Dér sitte je dan, oeren en oeren te studearjen, mei sa no en dan Ernstige lêst fan Stúdzje ûntwikend hâlden en dragen (yn ús moaie súdwest-hoekje nimme we dat sljochtwei 'gedrag'). Guon ûnder ús sille miskien tinke.. wér sláát dat SÛH&D no wer op?? Mar, ik fertoan dochs echt 'n soad fan dizze saneamde symptomen: Studieontwijkend Gedrag
dus no fien ik it heech tiid om mar wer es efkes goed te ÛNTSPANNEN!
Binne der mear froulju (en miskien wat (kreaze) manlju) ûnder ús die dat ek wol noadich fiene?!
Neeee, no tink ik dus nét oan 't op in sûpen sette yn'e kroech, dér wurde je harsens ek net better fan en de oare deis kinne je lêst ha fan in beste kater, wat de stúdzje allinne mar mear fertraget

Nee, ik tink oan eat djipsinnichers.. eat wat te meitsjen hat mei de lear fan de sierlikens, oftewol de 'esthetika'! Ik ha noch in muntsje.. we gean mei ús esthetyske reet yn it bubbelbad sitten! Dan kin eltsenien de holle goed leechje en sich fierders wer sa geunstich mooglik op 'e studzje konsintrearje!

Freedtemoarn om 10oere liket my wol in moaie tiid ta om dus wer es efkes ien fan ús moaie aktiviteiten út te fieren..: Gooo Diving!!
Foar de sûpers op tongersdeitejûns: it kin ek in goede remeedzje foar de kater wèze, at jimme net sa'n moaie esthetyske reet as ús ha, kinne jim altyd mei ûnder it mom fan 'katerswimmen'.


Foar de measten oant jûn (hmm.. dochs wer de kroech yn hin)! En betink mar efkes at jimme mei wolle mei dit heuchlike aktiviteitsje.

6 Rabberijen:

  • At 12:21 p.m., Anonymous Anoniem said…

    Ik kin helaas net. Ik ha dan in tentamen :S

     
  • At 5:36 p.m., Anonymous Anoniem said…

    sjitosjitosjit. ik in ek net. ik moat om 10.00 oere al wer by fysiotherapie wêze. mar ik kin wol middeis om in oere as 6. Mar ja, dan sil it wol wer sterfens drok wêze mei al die irritante kutbern dy't allegeare in feestje ha yn it swimbad. oprotte! Mar ik bin der fannejun wol!! Ik moat taapje, foar de earste kear. Dus ik sil efkes goed oplette en myn bêst dwaan en dan plant ik hjir op ús log wol in leuk ferslagje!

     
  • At 5:43 p.m., Anonymous Anoniem said…

    oh trouwens, net lilk wurde hjer. mar ik ha efkes dyn Wikipedia link perfectioneert. No stiet net de hiele namme fan de site mear, en ast de link iepenst dan iepent der ek in nije pagina. Dus op die manier bliuwt de diva side stean. Fynst it sa moai? of moat it oars?

     
  • At 5:46 p.m., Anonymous Anoniem said…

    hej famkes!

    it taapjen wie leuk hjer! fenna en ik ha no it idee om mei de kiezel te gean taapjen. mar dan moat der noch efkes in diva by, it is oars wol wat drok foar us. dus: wa wol?

    xxxx else

     
  • At 7:47 p.m., Anonymous Anoniem said…

    Ja, dat is wol in goed idee. Mar oft er in band spilet, dan dunsje ik leaver dan dat ik efter de bar stean! :D

     
  • At 11:08 a.m., Anonymous Anoniem said…

    hej! oke, no we sille tink ik tongersdei yn de keizel taapjen. dus ik wit net seker at er dan wol of net in band is.

     

Een reactie posten

<< Home