Gooo Diva's

Wy binne Else, Fenna, Hinke, Marjan, Tsjitske en Wiesje en wy tegearre foarmje de rûnte de Diva's binnen FFJ Bernlef te Grins

zondag, januari 08, 2006

It nije jier

It âld en nij feest wie wat de diva's betreft in grut succes! Al mei al hat it mar leafst trije dagen duorre foar ús, mar wat wie it gesellich. Bytsje fersiere, thee drinke, wer wat fersiere, wat winkelje, noch mar in bakje thee, sa komme je de tiid wol troch no! En net te fergjitten de kilometers dy't der ron binnne om alles nei de Pizel ta te fersameljen. Hjirby wol ik dan ek graach de oare Bernleffers bedanke dy't die dagen ha bydroegen oan de gesellichheid en it keuren fan de fersiering.
31 Desember, 19.30, wie it safier : de gasten kaamen oan. Wat wiene se allegear netsjes yn de klean, en sels gemaskerd! Dit paste prima by de skaars mei kears-yn-wynfles ferljochte soas, it behang oan de wanden en de overweldigjende netferljochting. De tafels wiene netsjes dekt, en al gau koe eltsenien oanskowe. It diner bestoun út lasagne en spaghetti bolognese mei iis en sterretjes nei. It smakke eltsenien poerbest, te sjen nei de boarden dy't folskept waarden.
Nei it diner wie it tiid foar wat úntspanning yn de foarm fan Youp fan it Hek. Ik wit dat hy by guont earder spanningseczeem jout, mar dizze konferanse wie best oan te hearren. It wie dan ek al rap 00.00 en de (djoere ohoh!!) sjampanje waard broezjend rûn brocht.
Eindelyk tiid om te fikjen! Ik ha my wer ris âlderwetsk poerbest fermakke mei fjoerwurkboartsjen, geweldich! It allermoaiste wie noch wol it carbidsjitten, wat in kick!
Nei dizze spannende aktiviteiten wurde it noch aardich drok yn ús kroech. In hiel soad misnken wiene drok oan it dûnsjen. De sfeer wie best en it wie drok oan de taap. Self ha ik ek noch in poging dien om te taapjen, mar dit slagge net sa best. Foarnamelik troch de reeds konsumearre alkoholiske fersnaperingen, mar ek wol omdat ik noch nea taape ha. Gelokkich kaam it toch wer goed, hin Fenna!
Oan it ein fan de jûn, better: net mear sa hiel betiid yn de moarn, doe't de fellen behang súterich fan de muorren kaamen en ik self der ek wat súterich út sech, bin ik op de fyts stapt en lekker koesen gong oant 15.00. It wie tige slagge, gooooooo diva's!!!

Dieselde jûn, de jûn werop ik my brakker fielde as nea earder, wienen hast alle diva's wer by inoar. Fan alles en noch wat oan iten waard by elkoar gooit en selfs myn brakke maag, dy't earder noch sa oerstjoer wie, smulde der lekker fan. Tiidens it toetje (monchoutaart, altiid handich om in krisistiid yn hûs te ha) waard de ôfrûne jûn noch ris nader analysearre. Doe begreep ik ek werom ik sa allemachtich net-intelligent en onsjoch op de foto stie, echt ernstich! Fan bier wurde je doch wol dommer, folgjende kear mar wer oan de wyte wyn, ha ha! : s

It leukste is noch wol, dat dit noch ris in kear sa kin : in maart hâlde wy in divafeest, mei band! Op it stuit wurd der drok neitocht oer in blits thema (ikke doch dat ieg wol). Letter mear hjiroer, al kin ik fest meidiele dat wy der no al nei útsjoche! (En nei de speurtocht fan it febrewariskamp fansels, tsjoch!)

0 Rabberijen:

Een reactie posten

<< Home